Keninklike ûnderskieding foar Paulus Zijlstra

24 nov 2017 - 20:30
Foto: ANP

Paulus Zijlstra (67) fan Easterlittens is freedtejûn keninklik ûnderskieden. Hy is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Zijlstra set him sûnt 1970 yn foar ferskate organisaasjes yn Easterlittens, sa as de fuotbalferiening en doarpsbelang. Ek wie er foarsitter fan it Collectief Particulier Opdrachtgeverschap (CPO) yn Easterlittens. It lintsje waard opspjelde troch boargemaster Johanneke Liemburg by in algemiene ledegearkomste fan Doarpsbelang Easterlittens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)