Swarte freed: lit dy net gek meitsje

© Shutterstock
Alle jierren wurde Amerikanen hielendal gek. Dan is it nammentlik “Black Friday”, de dei dat alles, mar dan ek alles yn 'e útferkeap giet. Nei't it Thanksgiving-miel efter de kiezzen is, stoarmet it heale lân nei de winkel foar dy megatelefyzje of dat blitse kofjesetapparaat. En as it nedich is wurde der ek klappen útdield foar it guod. Dizze tradysje (lokkigernôch net sa ekstreem as yn The States) komt ek stadichoan nei Nederlân, en ek wy hawwe de kâns om as in stel idioaten nei de winkel te draven foar grutte koarting. Mar is dat wol tûk?
1. Fan in mich in oaljefant meitsje
Lang net alle winkels dogge it, mar it bart wol: de advyspriis wurdt keunstmjittich omheech dien sadat de koarting sa grut mooglik liket. It is dus tûk om al yn de dagen foarôfgeand oan Black Friday de saken yn de gaten te hâlden dy'tst eventueel graach hawwe wolle soest. Skriuw de priis op en sjoch op de dei sels oft de koarting wier sa grut is, of dat it in marketingtrúkje is.
2. Underrrrr pressure
Om derfoar te soargjen datst no wat keapest, hawwe winkels ek noch in oare trúk: oanbiedingen binne mar tydlik beskikber. It kin dus bygelyks sa wêze dat it stoere horloazje datsto hawwe wolst allinnich mar beskikber is tusken 17:00 en 18:00. It leannet dus om oer de dei hinne sa no en dan ris by in (web)winkel te sjen. Neidiel fan dizze strategy is dat it ympulsynkeapen oanjaget. Want ast der noch net hielendal oer út bist oftst dat horloazje wol nedich hast, silst him earder keapje mei in deadline, om't de kâns oars bestiet datst efter it net fiskest, en dêr hawwe wy as minsken in hekel oan.
Tsjinwurdich dogge der safolle Nederlânske winkels mei oan Black Friday dat der genôch kar is. It is dus tûk om dy net te rjochtsjen op ien spesifike winkel, mar om te selektearjen op basis fan produkt. Hjirtroch komst net yn de ferlieding saken te keapjen dy'tst net nedich hast en hast in gruttere kâns datst de bêste deal makkest.
4. As in fyts sûnder tsjil
De fraach dêr't je op sa'n dei eins mei begjinne moatte: haw ik it eins wol nedich? Faak sjogge wy de priis en tinke we: dat is wol hiel goedkeap! Dat moat ik keapje. Hartstikke moai fansels, bygelyks sa'n nije fyts, mar ik pak ommers myn âlde fyts ek noait. Dus keapest dy fyts, dan hast twa fytsen yn it hok stean en dat nimt allinnich mar romte yn. Lit de priis dy net ferblynje!
5. Der binne mear fisken yn ‘e see
No is it wol hiel moai, sa’n grouwe koartingsdei, mar der komme noch folle mear fan dit soarte dagen. Der binne btw-aksjes, Peaske, âld en nij, fakânsjejildkoarting en gean sa mar troch. Dus as der neat tusken sit of de koarting is net heech genôch, wês geduldich...
6. En dan freget de plysje noch jo oandacht foar it folgjende:6. En dan freget de plysje noch jo oandacht foar it folgjende: