"Reklamefolders? Dêr sponsorje ik it korps mei!"

24 nov 2017 - 14:34

Amsterdam wol der op ta dat wa't reklamefolders hawwe wol, in JA-sticker op 'e brievebus plakt. Sa kin foarkaam wurde dat 35 kilo yn it jier oan folders op plakken komt dêr't se dochs net lêzen wurde.  Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de mieningen ferdield: "In moaie oplossing. It skeelt in soad rommel en argewaasje!" Oaren stypje mei it âld papier krekt de sportferienings en it korps: "En it measte dat se fan my krije binne krekt dy folders." De grienteman lit sa no en dan sels ek folders ferspriede. "Wy hawwe in soad grize kopkes as klant, dy sitte net op ynternet".

De tasseman is wat foarsichtich mei in "Ja, ik wil. Dat heb ik ooit eens gezegd en toen zat ik er 25 jaar aan vast..."  In jonge frou fûn it krekt hearlik, dy folderpakketten: "Even lekker een moment voor jezelf. Ik heb de Nee-sticker er zelfs afgepeuterd toen ik hier kwam wonen." En dan binne der ek noch minsken dy't hielendal gjin stickers op 'e brievebus hawwe wolle: "Ik haw der al in hekel oan dat der sa'n segel fan de kinderpostzegels op moat!"

Trefwurden: 
freedsmerk Opiny
(advertinsje)
(advertinsje)