Ljouwerter fertocht fan belutsenheid by strjitrôven Grins

© ANP
Mei de arrestaasje fan fiif fertochten tinkt de plysje acht strjitrôven yn Grins oplost te hawwen. Ien fan de fertochten is in 21-jierrige man út Ljouwert. De plysje kaam twa fan de fertochten op it spoar trochdat in slachtoffer fan de strjitrôven op Instagram in foto sjoen hie wêrop't ien syn stellen klean en horloazje oan hie. It slachtoffer wie yn septimber berôve op it Martinikerkhof yn Grins.
Twa oare fertochten komme út Grins, in oare út Leek en ien man hat gjin fêst wenplak. Trije fertochten sitte noch fêst.