Foeke Booy nije technysk manager Cambuur

24 nov 2017 - 13:55

Ald-Cambuurspiler Foeke Booy komt werom by de Ljouwerter klup. Booy sil fan 1 jannewaris ôf oan de slach as technysk manager by de Ljouwerters. ​De 55-jierrige Booy is hikke en tein yn Ljouwert en tekenet in kontrakt foar 2,5 jier, mei in opsje foar noch in seizoen. Neffens Gerald van den Belt is Booy in man mei in grut netwurk en in soad ûnderfining yn de fuotballerij. Boppedat kin er de klup goed as âld-spiler. De beneaming fan Booy is neffens Van den Belt in wichtige stap foar Cambuur om op fuotbaltechnysk mêd stabiler en profesjoneler te wurden.

Karriêre

Booy spile tusken 1980 en 1984 mear as 70 wedstriden foar Cambuur. Hjirnei fuotballe er ek noch by FC Groningen, Club Brugge en FC Utrecht. It trainersfak hat er ek noch besocht, by ûnder oare Sparta Rotterdam, Go Ahead Eagles en FC Utrecht. By dizze lêste klup wûn er de beker, en wie er aktyf as technysk direkteur.

Maklik beslút

Foeke Booy hoegde net lang nei te tinken doe't it oanbod fan Cambuur by him bekend waard: "Cambuur is de club waar ik ooit ben begonnen als speler en waar ik altijd veel gevoel bij heb gehad. Het is fantastisch om terug te zijn en mijn steentje bij te kunnen dragen aan de ontwikkeling en groei van deze mooie club, helemaal met het nieuwe stadion op komst. Kan niet wachten om te beginnen.”

Oandacht foar meardere saken

Neffens algemien direkteur Ard de Graaf is it mei de ûntwikkelings omtrint it nije stadion dreech om alle saken te kombinearjen: "We zitten met de club in een bijzondere fase, we steken heel veel tijd, aandacht en energie in het nieuwe stadion, maar we hebben ook tegen elkaar gezegd dat we moeten blijven investeren in voetbal, want wij zijn natuurlijk een voetbalclub, en dat kan de directie er op dit moment niet bij doen." Krekt lykas Van den Belt is ek De Graaf wiis mei de beneaming fan Booy: "We zijn heel blij met Foeke Booy een ervaren man met een groot netwerk."

Trefwurden: 
Foeke Booy SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)