Hapkes fan Heldoorn by offisjele ôfskied

24 nov 2017 - 12:30

De gemeente Dantumadiel nimt freed ôfskied fan boargemaster Sicko Heldoorn. Nei hast 4 jier jout hy de ketting oer oan Klaas Agricola. Heldoorn hat de ôfrûne jierren it proses fan de gemeentlike weryndieling yn Dantumadiel begelaat. In putsje dat net altyd maklik west hat, om't de emoasjes betiden heech oprûnen.

Opnij Fryslân, of dochs dêrbûten?

Dantumadiel hat it beslút naam om selsstannich te bliuwen, al is der wol keazen om op amtlike nivo in fúzje oan te gean mei trije oare gemeenten (Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân). Heldoorn wit noch net wat hy no dwaan sil. "Ik moat wer sollisitearje" seit er. Neffens Heldoorn soe in baan yn Fryslân fansels moai wêze, mar bûten de provinsje is ek in goeie mooglikheid.

Hapkes fan Heldoorn

Freedtemiddei is it offisjele ôfskied. De hapkes dy't dêr servearre wurde binne foar in grut part troch de boargemaster sels klearmakke. Freedtemoarn wie hy hjir drok mei dwaande yn de keuken fan it gemeentehûs. Tegearre mei de meiwurkers fan soarchgroep Wil makke er de hapkes klear. Heldoorn hat in waarme bân mei de minsken fan Wil dy't yn de keuken wurkje. Se sille him misse sizze se allegearre. Heldoorn hat se gerêst steld mei de wurden dat de nije boargemaster Klaas Agricola ek hiel aardich en leaf is.

(advertinsje)
(advertinsje)