Sander de Rouwe ynformateur gemeente Súdwest-Fryslân

24 nov 2017 - 12:19
Sander de Rouwe (hjir op argyffoto) - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Sander de Rouwe is frege as ynformateur by de koälysjefoarming yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Listlûker Maarten Offinga fan it CDA hat him benadere. De partij pakte woansdei by de ferkiezingen de measte sitten. De Rouwe is lid fan it kolleezje fan Deputearre Steaten fan de provinsje. Hy komt fan Boalsert.

Kommende moandei begjint De Rouwe mei de earste petearen mei de listlûkers fan alle njoggen partijen fan de gemeente. Sa wol hy ynsicht krije yn de politike koers foar de bestjoersperioade 2018-2022 en hokker partijen dêr it bêst by passe. Uterlik 5 desimber wol hy ferslach útbringe. It nije kolleezje moat op 2 jannewaris ynstallearre wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)