Twa jier langer mei De Stiennen Flier

24 nov 2017 - 12:14

De Fryske Marren set de gearwurking mei de stichting De Stiennen Flier twa jier langer troch. De Stiennen Flier beheart en eksploitearret op 'e Jouwer it swimbad, de sporthal en de hoareka. De ferhâldingen tusken beide partijen hawwe earder poer min west. Dêrom wiene de kontrakten mei de stichting ein maaie 2016 ek opsein troch de gemeente. Hjirnei binne de relaasjes lykwols ferbettere. De gemeente wol no foar langere tiid ôfspraken meitsje mei de stichting.

Oant 2020

Dizze nije ôfspraken draaie om grutte bedraggen. Dêrom moat de eksploitaasje fan de sportfoarsjenningen ek Europeesk oanbestege wurde en dat duorret mei-inoar wol oardel jier. Salang moat it behear wol regele wurde, en dus bliuwt de Stiennen Flier oant 1 jannewaris 2020 it wurk dwaan. Op 7 desimber jouwe wethâlder Janny Schouwerwou en foarsitter Marc Kuipers fan de ried fan bestjoer fan de Stiennen Flier útlis oan de gemeenteried oer de hjoeddeistige situaasje.

(advertinsje)