Definitive útslach ferkiezingen: gjin grutte ferskowingen

24 nov 2017 - 12:09
Foto: ANP

Yn de gemeente Waadhoeke komme trije kandidaten op basis fan foarkarstimmen yn de nije gemeenteried. Hans Nauta fan de FNP, Bart van Wijk fan SAM Waadhoeke en Emile Vogels fan de VVD. Se hellen persoanlik safolle stimmen, dat se nettsjinsteande in leger plak op de list in sit yn de ried fertsjinje.

Fred Veenstra, âld-boargemaster fan de gemeente Frjentsjerteradiel, is beneamd ta ynformateur. Veenstra is op dit stuit boargemaster fan de gemeente Fryske Marren.

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân is de útslach yn it tal sitten bleaun sa't dy wie. Wol is by de FNP keatser Dirk Yde Sjaarda mei foarkarstimmen keazen. Hy hat lykwols oanjûn dat it him privee no net past en lit de sit oer oan de nûmer 4 op de list, Douwe Blom. Ek syn partijgenoat Tjerk Bouwhuis is mei foarkarsstimmen yn de ried keazen. By it CDA wiene der ek twa dy't op eigen krêft in sit helle ha: de nûmer 49 fan de list, Pieter Greidanus, en de nûmer 13, Rinske Poeisz. De SP ferlear twa fan de trije sitten. Listlûker Fried Didden lûkt him dat oan en stelt syn sit beskikber oan de nûmer 2, Harmen de Wind. Sander de Rouwe is yn dizze gemeente frege as ynformateur.

Yn de gemeente Ljouwert fiske VVD-kandidaat Sietze Bouma krekt efter it net. Hy krige 252 stimmen wylst foar in sit yn Ljouwert 254 nedich binne. By List 058 is de nûmer 5 mei foarkarstimmen yn de ried keazen, Richard van Gelderen. Hy stiet syn sit ôf oan de nûmer 2 op de list, Selo Boxman. By Gemeentebelangen moat de nûmer 2, Jacques van Willigen, plakmeitsje foar de nûmer 3, Sikko Klaver. Yn de ferdeling fan de sitten feroaret fierder neat.

Trefwurden: 
Ferkiezingen stimmen útslach
(Advertinsje)
(Advertinsje)