SC Hearrenfean sjocht wer nei boppen

SC Hearrenfen wol nei de oerwinning fan ferline wike tsjin FC Twente (0-4) de opgeande line trochsette. De oerwinning op de Tukkers hat de ploech wer it nedige selsfertrouwen jûn. Kik Pierie: "We staan nu weer in het linkerrijtje en dat is ook waar Heerenveen thuis hoort". Dit wykein nimt SC Hearrenfean it op tsjin PEC Zwolle en dat is miskien wol de grutste ferrassing oant no ta dit seizoen. De ploech spilet attraktyf fuotbal en stiet knap op in fjirde plak. Mar by winst op PEC is de efterstân fan Hearrenfean op de Swollenaren mar ien punt en stiet Hearrenfean ek wer stevich yn 'e subtop.
Trainer Jurgen Streppel sil nei alle gedachten fêst hâlde oan deselde basis as ferline wike. Streppel: "Iedereen is gebaat bij vastigheid, dus zal er niet heel veel veranderen". Al moat der noch wol in kar makke wurde hoe't it sintrale ferdigeningsduo der út komt te sjen. Daniel Hoegh is wis fan syn posysje, mar wa komt der neist him te stean: Nicolai Naess of Kik Pierie. Tsjin FC Twente begûn Naess yn 'e basis, mar hy waard nei in healoere wiksele. Dêrnei kaam Pierie sintraal te stean. Pierie: "Ik sta daar waar de trainer me nodig heeft."