Medalje foar helden dy't frou rêden út wetter

24 nov 2017 - 10:42
Foto: ANP

De trije manlju dy't yn maart fan dit jier in frou út it wetter rêden hawwe tusken Hilaard en Winsum krije dêr in medalje foar. Sjoukje Bloem ried yn har auto fan Ljouwert nei Boalsert oer de provinsjale dyk.Tusken Hilaard en Winsum rekke sy fan de dyk en bedarre yn de feart. Trije manlju dy't seagen wat der bard wie, stapten út en slaggen deryn de auto boppe wetter te hâlden. De Maatschappij tot Redding van Drenkelingen hat besletten de trije rêders in brûnzen medalje te jaan. De útrikking is no moandei op it gemeentehûs fan Wommels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)