Nij Mariënacker en Teatskehûs binne gastfrij

24 nov 2017 - 10:28

Nij Mariënacker yn Warkum en it Teatskehûs yn Blauhús hawwe hege sifers helle foar gastfrijens. Beide soarchynstellingen skoarden in lytse njoggen yn it lanlik wurdearringssysteem 'Gastvrijheidszorg met Sterren'.

Nij Mariënacker krijt fan de sjuery foaral kompliminten foar syn klantfreonlikens en foar de kwaliteit fan it iten en drinken. Fia in menu-kommisje hawwe de bewenners sels ynfloed op it menu. Ek oer it iten yn it Teatskehûs is de sjuery fol lof. Fierder binne der kompliminten foar de iepen kultuer.

(advertinsje)
(advertinsje)