Henk Herder hâldt op as trainer by Harkemase Boys

24 nov 2017 - 09:38

Henk Herder ferlit oan de ein fan it seizoen Harkemase Boys. De 50-jierrige trainer is dwaande oan syn twadde seizoen op De Bosk. "Ik ha genoaten fan it ôfrûne oardel jier," seit Herder, "mar ik bin ta oan in nije útdaging." Ferline jier wûn Herder mei Harkemase Boys in perioadetitel yn de tredde difyzje en griep er krekt njonken promoasje yn de neikompetysje. Dit jier stean de Harkiten op it tredde plak yn de tredde difyzje. Herder wurke earder by SC Hearrenfean en by it Grykske Panathinaikos.

Foarsitter Albertus Boonstra fan Harkemase Boys seit: "Wy fine it skande dat Henk nei dit jier fuort giet, mar wy respektearje syn kar fansels. Hy hat goed wurk levere. We winskje him in protte sukses mei de folgjende stap yn syn karriêre en hoopje him noch faak werom te sjen op De Bosk."

(advertinsje)
(advertinsje)