Seis senario's foar fernijing fan it sintrum fan Balk

24 nov 2017 - 09:21

Oer trije jier fynt der mooglik grutskalige sloop en nijbou plak yn it sintrum fan Balk. Pleatslik Belang hat seis senario's presintearre foar de takomst fan de foarsjenningen yn it sintrum. It meast fiergeande giet út fan nijbou foar tal fan foarsjenningen. It giet bygelyks om de sporthal, mar ek de skoallen en sealesintrum De Treemter. Dat lêste gebou is al sa’n 50 jier âld. Pleatslik Belang is benaud dat de foarsjenningen en de aktiviteiten ferdwine as der net fernijd wurdt.

Oan de beide pleinen steane no ûnder oare it notariskantoar en it gebou fan de Rabobank. Dy soene beide sloopt wurde moatte. Der moat noch wol folop oerlein wurde mei dielnimmende partijen. Earst kinne de Balksters har útlitte oer de senario’s. De gemeente De Fryske Marren wachtet earst ôf wêr't it doarp sels mei komt.

Trefwurden: 
Balk fernijing sintrum
(advertinsje)
(advertinsje)