"Advys Raad voor Cultuur goed om talint hjir te hâlden"

24 nov 2017 - 08:25

Mear erkenning en finansiering foar it kulturele oanbod yn de regio yn it lanlike belied. De kâns dat dat ynkoarten bart, is oanwêzich no't de Raad voor Cultuur mei in advys komt. De Raad voor Cultuur is it wichtichste advysorgaan fan it kabinet op it mêd fan kultuerbelied en it advys soe dus samar oernaam wurde kinne troch de minister.

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert seit dat it de grutste wiziging yn 25 jier wurde kin. Benammen it projekt 'We the North' soe profitearje kinne. Dit is in mienskiplik kultuerprogramma fan Fryslân, Grinslân en Drinte. As dêr jild foar komt, kin talint yn it Noarden bliuwe of is it ynteressant foar talint út de Rânestêd of it bûtenlân om hjir te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)