Kollum: "Realiteit"

"It is te lang wiet, griis en suterich kloatewaar. Ik fyn der neat oan en soe wol krekt as guon bisten, ek in wintersliep hâlde wolle. Ik soe it hielendal net slim fine om dizze tiid fan it jier oer te slaan en yn it foarjier wer wekker te wurden.
Mar goed, sa wurket it net, dat ik gong mar efkes op ‘e bank lizzen. Op in bepaald momint waard der op it rút kloppe en dêr stie swarte Pyt mei myn Mercedes cabrio. Wat in prachtige auto en de testrit wie ek super. Mar dêr wol ik eins net te folle wurden oan smoarch meitsje. It soe ek in hiel goar ferhaal wurde want dat swarte guod jout behoarlik ôf.
Pyt ek ik hiene it ek efkes oer ôfrûne sneon… de yntocht yn Dokkum. Hy hie der fan genoaten. It waar wie net geweldich, mar de bern wiene bliid. Hy fûn Dokkum in prachtich stedsje mei hertlike minsken en de dei wie in grut súkses. Ik frege him wat er fan alle konsternaasje fûn, mar hy wist eins net wat ik bedoelde. Hy hie gewoan dien wat er dwaan moast. Mei Sinteklaas op ‘en paad en myn cabrio brocht.
Fan ‘e rein bedarren wy samar yn ‘e sinne. It lânskip wie ek hiel bot feroare en we rieden lâns de kust yn in oar lân. Ik frege wêr’t we wiene.
‘Spanje’, sei er.
‘Spanje?’ frege ik ferheard. ‘Wêrom? Sinteklaas is no dochs yn Nederlân?’
Pyt sei dat Sinteklaas oeral is dêr’t er wêze wol en hjoed wie er yn Spanje, om it waar. We rieden nei syn kastiel en ik fielde de enerzjy wer streamen troch de waarmte fan ‘e sinne.
Sinteklaas hie de tee brún en nûge my út om sitten te gean. ‘Soa, frou Talsma,’ sei er. ‘Hoe befalt de auto? Hast him fertsjinne want hast hiel leaf west it ôfrûne jier.’ Hy geat in kopke tee foar my yn en seach my sawat oan. Hy sei dat er heard hie dat it nochal need gien wie mei de yntocht mar dat er dêr lokkich sels neat fan meikrigen hie. Dochs wie er wol nijsgjirrich.
Ik fertelde oer de demonstraasje fan de minsken dy’t miene dat swarte Pyt te krijen hat mei rasisme. We hiene it oer it inisjatyf fan guon Friezen om dat tsjin te hâlden omdat se fine dat Sinteklaas in bernefeest is dêr’t gjin demonstraasjes mei plysje en ME by hearre. Ik liet him reaksjes lêze op myn tillefoan fan foar- en tsjinstanners, sei dat de mieningen oer de blokkade nochal ferdield wiene en it hiele lân yn ‘e besnijing hold.
De iene hie it oer de blokkade as wie it in slachfjild wylst de oare sei dat alles rêstich ferrûn wie. Ik liet him stikjes út kranten en fragminten fan telefyzjeprogramma’s sjen en doe frege er wat ik der fan fûn. Ik sei dat swarte Pyt by in tradysje heart dêr’t de measten gjin kwea yn sjogge, sa’n demonstraasje yndied net past by in bernefeest en dat ik de blokkade in slagge aksje fûn.
‘Mar wat fine jo hjir no fan?’ frege ik.
Sinteklaas begûn hiel hurd te laitsjen. Hy kaam net mear by en boldere it út. ‘Ik fyn it hiel fermaaklik want wy bestean hielendal net! Hoe kin in oar him dan yn himelsnamme drok om ús meitsje? Hat nimmen dat ea tsjin jimme sein? Werklik, ik kom net mear by!’
Doe skrok ik wekker fan ‘e hurde wyn. Ik fielde my roazich en wie yn ‘e war. Want as Sinteklaas en swarte Pyt echt net bestean … wêr makket eltsenien him dan sa drok om?"