Trije heale finales foar Team NL op WK keatsen yn Kolombia

24 nov 2017 - 07:46
Foto: KNKB

De Nederlânske keatsers fan it team fan Marten Feenstra hawwe har as bêste nûmer twa pleatst foar de heale finale Chaza op it WK yn Kolombia. Foar 1500 man publyk waard fan Meksiko en Argentinië wûn. Ekwador wie te sterk. Yn de heale finale is Ekwador opnij de tsjinstanner. De oare heale finale giet tusken Kolombia en België.

By it ûnderdiel Wallball is it duo Kees van der Schoot en Tjisse Steenstra útskeakele yn de heale finale. Mei 11-10 en 11-08 waard ferlern fan België.

Team NL spilet freed trije heale finales. Marrit Zeinstra Wallball frouljus single, de froulju dûbel Wallball en it manljus team Chaza.

Trefwurden: 
WK keatsen Kolombia keatsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)