Gjin ferkiezingen foar Gemeentebelangen T'diel nei 28 jier

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Gemeentebelangen Tytsjerksteradiel docht takom jier net mei oan de gemeenteriedferkiezingen. De partij hat nei in lange syktocht net genôch kandidaten fûn foar op de list. It besjoer fynt dit tige spitich, mar sjocht gjin oare mooglikheid as twongen net mei te dwaan oan de ferkiezingen. Dat betsjut dat nei 28 jier der gjin fertsjintwurdiger fan Gemeentebelangen Tytsjerksteradiel yn de ried sit. It bestjoer sil de kommende jierren wol aktyf op syk nei geskikte minsken om yn 2022 wer mei in kandidatelist te kommen.
Riedslid Hessel Bouma hat tongersdei by de riedsgearkomste oanjûn dat er nei 28 jier ophâldt mei it riedswurk. Hy wurdt takom jier 65. Ek is er drok mei syn eigen bedriuw In- en Outdoor Park Aventoer yn Burgum.