Protest en ferset op ynformaasjemerk Nij Hiddum-Houw

Op de ynformaasjemerk yn Wytmarsum oer de plannen foar wynmûnepark Nij Hiddum-Houw wie tongersdeitejûn benammen protest en ferset te hearren. Stichting Hou Friesland Mooi is tsjin de bou fan de wynmûnen en stie mei spandoeken foar de doar fan kafee De Gekroonde Roskam, dêr't de gearkomste plakfûn.
De provinsje en de inisjatyfnimmers fan it park, dat njoggen mûnen fan twahûndert meter heech telle sil, joegen tegearre mei de gemeente Súdwest-Fryslân foarljochting oer it park en harken nei de winsken fan de besikers. Ek leinen de stikken mei de útwurking fan it plan op tafel om yn te sjen. Op de gearkomste kamen sa'n hûndert belangstellenden ôf.

Kâns op út- of ôfstel lyts

De kâns dat it ferset noch ta út- of ôfstel fan de plannen liede sil, liket lyts. De provinsje fynt dat der genôch kâns west hat foar ynspraak. Neffens Harm Jan Bouwers fan de provinsje wurdt der goed harke nei de winsken fan de ynwenners fan de omlizzende doarpen en wurdt besocht dêr safolle mooglik rekken mei te hâlden. Inselde lûd wie te hearren by Henk Kouwenhoven van enerzjybedriuw Nuon, dat it park ûntwikkelet en yn behear nimme sil.
In fertsjinwurdiger fan de Omgevingsadviesraad (OAR), dêr't bewenners en oare belutsenen harren lûd hearre litte kinne, tinkt ek dat it plan net mear om te kearen is. Hy joech belutsenen it advys om tegearre mei de OAR in sa goed mooglike kompensaasjeregeling út it fjoer te slepen.