Oanjefte tsjin boargemaster om ferbieden Swarte Pytprotest

23 nov 2017 - 21:50
Boargemaster Marga Waanders mei it grutte boek by de yntocht - Foto: Fotografie Nienke

De Bond van Wetsovertreders (BWO) hat tongersdei oanjefte dien tsjin boargemaster Marga Waanders fan de gemeente Dongeradiel. De oanjefte waard dien op fersyk fan tsjinstanners fan Swarte Pyt. Dy mochten ôfrûne sneon fan Waanders op it lêste momint net protestearje by de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum.

Neffens de BWO wie it ferbieden fan it protest ûnterjochte. It bûn hie yn in earder stadium al oankundige oanjefte te dwaan tsjin de loko-boargemaster fan Dongeradiel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)