Van der Valk-hotel by Ljouwert pas begjin 2018 iepen

23 nov 2017 - 21:34

De bou fan it Van der Valk-hotel en it byhearrende restaurant by Ljouwert rint fertraging op. Hjirtroch gean de doarren pas begjin takom jier iepen. De eksakte datum is noch net bekend. Ek it proefsliepen yn it hotel wurdt útsteld. Dat bart no pas ein desimber of begjin jannewaris.

De bou fan it hotel en it restaurant rint sa'n seis wiken achter op skema. Ien fan de oarsaken wie it minne, wiete waar fan de ôfrûne moanne. De boufak yn augustus, wie in oare faktor dy't foar de nedige fertraging soarge.

Ferskate partijen hiene foar yn desimber al romtes en keamers boekt yn it Van der Valk-hotel. Dy binne ôfsein. Thom van der Heide, general manager fan it hotel, neamt de fertraging gjin ramp. Hy is tankber dat er de boekingen fan de gasten omsette koe nei in oare Van der Valk-fêstiging.

Trefwurden: 
Van der Valk bou fertraging
(Advertinsje)
(Advertinsje)