Titel 'meast fitale bedriuw' giet oan noas Wetsus foarby

23 nov 2017 - 20:55
It Wetsusgebou yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Wetterûndersyksynstitút Wetsus út Ljouwert hat misgrypt by de ferkiezing fan it meast fitale bedriuw fan Nederlân. Jordex Shipping út Rhoon waard tongersdei yn útroppen ta winner. Wetsus waard earder wol útroppen ta fitaalste bedriuw fan Fryslân en fersloech dêrby de Albert Heijn fan Frjentsjer en Boekhannel Van der Velde út Ljouwert.

De fitale bedriuwen sette harren yn foar de sûnens fan de meiwurkers. Wurknimmers fan Wetsus ha bygelyks de mooglikheid om yn it skoft te tafeltennisjen, of in rûntsje te kuieren. Ek binne der hurddraafgroepkes en in fuotbalteam by it ynstitút.

Trefwurden: 
Wetsus fitalens
(Advertinsje)
(Advertinsje)