Flylân hat fan 2018 ôf in multyfunksjoneel sportfjild

23 nov 2017 - 20:32
Sportfjild - Foto: Omrop Fryslân

Flylân krijt in multyfunksjoneel sportfjild. Sawol eilanners as besikers kinne fan takom jier ôf sporte op in gloednij sportfjild. It wurdt oanlein tsjinoer camping Stortemelk. Ek de skoalbern op it eilân sille gebrûkmeitsje fan it fjild. Se krije dêr by moai waar gymles.

Flylân krijt goed 34.000 euro út it provinsjale Iepen Mienskipsfûns om it sportfjild foarm te jaan. It projekt kostet yn totaal 86.000 euro.

(advertinsje)
(advertinsje)