Studinte Maedeh Rahimi net útroppen ta mbo-ambassadeur

23 nov 2017 - 20:06
Maedeh Rahimi - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Maedeh Rahimi út Burgum is der net yn slagge ferkeazen te wurden ta ambassadeur fan it mbo. Tongersdeitejûn waard yn Apeldoorn út tsien finalisten in top trije keazen en dêr siet de Afgaanske studinte oan ROC Friese Poort net by.

Maedeh wennet yn it asylsikerssintrum yn Burgum en hat noch gjin status. De kâns dat se mei har famylje yn Nederlân bliuwe mei is lyts. Maedeh sit yn it fjirde jier fan de Friese Poort en op dy skoalle is se útkeazen om mei te dwaan oan de lanlike ferkiezing.

Se hat in goede staazje hân en is hast klear mei har oplieding finansjeel administratyf meiwurker. Om't se gjin identiteitsbewiis hat kin se har einstaazje wierskynlik net dwaan en dus ek gjin diploma krije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)