FIDEO: 'The day after' de weryndielingsferkiezingen

23 nov 2017 - 19:05

No't alle stimmen teld binne en de reade potleaden wer yn de kast lizze, is it in dei nei de weryndielingsferkiezingen tiid foar de neibeskôging. Yn de gemeente Ljouwert bleau de PvdA yn it seal sitten, wylst yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en Waadhoeke it CDA de grutste partij waard.

Wat betsjutte de ferkiezingsútslaggen no krekt foar de takomst fan de trije gemeenten? Yn Fryslân Hjoed praten polityk ferslachjouwer Andries Bakker, Atze Jan de Vries fan de Ljouwerter Krante en listlûker Jan Dijkstra fan de FNP yn Waadhoeke nei oer de útslaggen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)