Trije wiken finzenis foar Lemster nei stellen sloep

Sloepen © Omrop Fryslân
In tritichjierrige Lemster moat trije wiken de finzenis yn foar it stellen fan in sloep. De sloep waard yn augustus troch de man meinaam út Balk. In oanjefte folge en de dei nei de stellerij seach de plysje de fertochte yn de sloep farren by De Lemmer.
De man sei dat hy de sloep liende fan in freon, mar neffens de rjochter wie dit "een slecht verhaal" en boppedat net wier. Njonken de selstraf, moat De Lemster de eigener fan de sloep in skeafergoeding betelje.