FIDEO: Theun Pieter krijt syn felbegearde Xbox

23 nov 2017 - 17:47

Hy hat 'm! De njoggenjierrige Theun Pieter út Rinsumageast hat tongersdeitemiddei syn felbegearde Xbox krigen. It jonkje krige it djoere kado út hannen fan Sinteklaas sels. Nei it foarlêzen fan it gedicht mocht er it pak iepen meitsje. Theun Pieter wie út 'e skroeven mei de ynhâld en makke in high five mei Sinteklaas. Dêr wie er dan echt: it spul dat er sa graach ha woe en wêrmei't er de ôfrûne dagen 'viral' gie op ynternet.

Sinteklaas moast noch wol wat kwyt oan Theun Pieter: "Ik wil je wel vragen om het spel met veel kinderen te delen, om lekker samen te gamen." Foar Theun Pieter gjin inkeld probleem. "Als eerste ga ik hem met mijn vriend uittesten."

De spulkomjûter waard Theun Pieter oanbean troch in grutte websjop dy't it filmke, lykas in hiel soad minsken, sjoen hie.

(advertinsje)
(advertinsje)