Hast ferdronken jonkje moetet 37 jier letter syn rêders

23 nov 2017 - 17:04

As twajierrich jonkje kaam Marcel Bidésie hast om it libben yn in fiver yn de Ljouwerter wyk Heechterp-Skieringen. Tsjinwurdich wennet Bidésie yn Hoorn en nei't er fjirtich jier wurden is, woe er noch ris yn kontakt komme mei de minsken dy't syn libben rêden ha. Tongersdei wie it safier.

37 jier lyn rekke Bidésie al boartsjend yn it wetter fan de fiver. Syn omke helle him derút en twa plysjes, Kerst Buis en Jan Tromp, dy't tafallich yn 'e buert wiene, brochten him nei it sikehûs. Dat wie mar goed ek, want Marcel moast reanimearre wurde. Buis joech him ûnderweis, achteryn de auto, mûle-op-mûlebeäzeming.

Tongersdeitemiddei troffen de manlju inoar wer by de fiver, op it plak dêr't it 37 jier lyn allegear barde. Alteast, dat tinke se. Der is yn 37 jier in soad feroare yn de omjouwing.

(advertinsje)
(advertinsje)