Stroomsteuring foarby yn Abe Lenstra Stadion

Abe Lenstra Stadion © ANP
Der is wer stroom yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. Yn de nacht fan woansdei op tongersdei sprong der in wetterlieding oan de westkant fan it haadgebou. Troch de lekkerij kaam it stadion sûnder stroom te sitten. Healwei tongersdeitemiddei kaam de elektrisiteit werom. Hoe grut de skea is, wurdt noch ûndersocht. De thúswedstriid fan takom sneon tsjin PEC Zwolle komt net yn gefaar.