Gemeente Opsterlân giet troch mei buertsportcoaches

23 nov 2017 - 16:23
Foto: Facebookpagina Sport in Opsterland

De gemeente Opsterlân giet troch mei it buertsportcoachprojekt. De gemeente begûn in pear jier lyn tegearre mei ûnder oare Sport Fryslân en wolwêzensorganisaasjes mei it projekt. Troch buertsportcoaches yn te setten wol de gemeente safolle mooglik minsken oan it sporten krije en hâlde.

De buersportcoaches yn Opsterlân dogge dat troch sels fan alles te organisearjen, mar ek yn gearwurking mei bygelyks sportorganisaasjes, ûnderwiisynstellingen en it bedriuwslibben. De gemeente is sa oer it projekt te sprekken dat it kontrakt mei fjouwer jier ferlinge is. Dêrneist krije de sportcoaches ek mear oeren.

Trefwurden: 
Opsterlân buertsportcoach
(Advertinsje)
(Advertinsje)