Keramykmuseum Princessehof krijt KLM-húskes

Konservator Eline van den Berg pleatst de KLM-húskes yn de fitrine. © Lucas Kemper
It keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hat in bysûndere skinking krigen. De KLM jout it museum 48 spesjale KLM-húskes yn brûklien. Passazjiers dy't yn de World Business Class reizgje, krije al tsientallen jierren sa'n húske kado. It binne Delfts blauwe miniatueren fan besteande typysk Nederlânske huzen en der sit jenever yn. It binne populêre collectors items. De húskes binne te sjen yn in nije útstalling fan it Princessehof. It museum giet nije wike sneon wer iepen, nei in grutte ferbouwing.