Hûn nei mishanneling by syn eigen baaske weihelle

23 nov 2017 - 15:04
Foto: Omrop Fryslân

De rjochter hat in man út Snits syn hûn ôfpakt, om't er it bist slim mishannele ha soe. In buorfrou fan de man hie sjoen dat er de hûn wol tsien kear mei de fûst op de snút sloech. Neffens de frou hie de man it bist wol faker mishannele, mar dêr is neffens de fertochte neat fan wier.

De plysje helle de hûn by de man wei. In bistedokter koe doe net sjen oft it bist ferwûne wie, mar seach wol dat de hûn ôfwikend gedrach fertoande. It bist sit no yn in asyl. De fertochte giet tsjin de útspraak yn heger berop.

Trefwurden: 
Snits man hûn mishanneling
(Advertinsje)
(Advertinsje)