Wurkstraf foar eks-direkteur kultureel sintrum yn Marrum

23 nov 2017 - 14:55
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De 55-jierrige eks-direkteur fan it kultureel sintrum yn Marrum moat hûndert oeren ferplichte oan it wurk, om't er 120.000 euro subsydzjejild fertsjustere hat. Dat hat de rjochtbank yn Assen tongersdeitemiddei bepaald. De man út Leiden krige ek noch in selstraf fan twa moanne, ûnder betingst.

De eks-direkteur brûkte it jild foar priveesaken. Hy helle der boadskippen fan, joech it út yn de kroech en brocht in besite oan in seksklup. Neffens de man betelle er ek in soad dingen foar it kultureel sintrum út eigen bûse en wie it wol yn balâns. De rjochtbank gie dêr lykwols net yn mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)