"Boatsjeminsken doarre Fryslân net yn te farren"

23 nov 2017 - 14:14
Foto: foto Omrop Fryslân

Rekreaasjeskip Marrekrite wol graach dat de provinsje it peil fan it binnenwetter publisearret. Neffens Marrekrite doarre in soad boatsjeminsken ús provinsje net yn te farren om't se tinke dat it wetter net djip genôch is. "Minsken tinke dat Fryslân foar platboaiems is. Foar harren hâldt Fryslân by de Iselmarhavens op", seit Lourens Touwen fan Marrekrite. Dêrtroch rint Fryslân in soad wettertoeristen mis.

Dêrneist tinke Marrekrite en de provinsje nei oer in eigen wetterkaart fan Fryslân. No binne der allinnich de kaarten fan bygelyks de ANWB. Mar neffens Touwen hawwe Marrekrite en de provinsje in soad ekstra gegevens dy't se op kaart sette wolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)