Mear Nederlânske en bûtenlanske toeristen nei Fryslân

23 nov 2017 - 13:42
Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It giet better mei toerisme yn Fryslân. Ut sifers fan it CBS docht bliken dat der ferline jier mear Nederlânske én mear bûtenlânske toeristen foar in fakânsje nei Fryslân kaam binne. It tal fakânsjes fan Nederlanners yn Fryslân is ferline jier mei 130.000 tanaam. Yn 2015 hienen der noch 1,2 miljoen Nederlanners yn Fryslân op fakânsje west, it ferline jier wienen dat mear as 1,3 miljoen.

Ek it tal fakânsjes troch bûtenlânske gasten yn Fryslân is grutter wurden. Yn 2016 oernachten 317.000 minsken út it bûtenlân yn ús provinsje. De twa jierren dêrfoar wienen dat der noch 302.000. De saaklike oernachtingen yn Fryske hotels litte in noch gruttere groei sjen. Ferline jier wienen dat der 450.000 en dat is 25 persint mear as yn 2015.

(Advertinsje)
(Advertinsje)