Noch gjin dúdlikheid oer komst Aldi nei Easterwâlde

23 nov 2017 - 13:36
Foto: ANP

It is noch altyd net dúdlik oft supermerkûntwikkeler RetailPlan in Aldi yn Easterwâlde bouwe mei. By de rjochtsaak by de Ried fan Steat waard tongersdei twivele oft de ûntwikkeler wol iepen kaart spile hat by de gemeente Eaststellingwerf. Dy lei oant no ta de fergunningsoanfraach foar de supermerk njonken him del. Neffens de gemeente hat RetailPlan net genôch ynformaasje beskikber steld oer de plannen mei it perseel yn Easterwâlde, dêr't de supermerk komme moat.

Untwikkeler RetailPlan út Drachten is it dêr net mei iens. Neffens it bedriuw wurdt al tweintich jier besocht in Aldi nei Easterwâlde te heljen. Ek fertinkt RetailPlan de fjouwer sittende supermerken derfan dat se druk útoefenje op de polityk, om Aldi bûten de doar te hâlden.

De Ried fan Steat docht oer inkelde wiken útspraak. Ek it Europeesk Hôf fan Justysje bûcht him takom moanne oer it Nederlânsk belied op dit mêd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)