Fit SC Cambuur mei Houtkoop en Schils tsjin FC Den Bosch

23 nov 2017 - 12:50

Xander Houtkoop en Mathias Schils begjinne freed yn de basis by SC Cambuur, dat it thús opnimme moat tsjin FC Den Bosch. It twatal ferfangt de skorste spilers Marvin Peersman en Bryan Smeets. Fierder kin trainer Marinus Dijkhuizen fan de Ljouwerter klup beskikke oer in fitte seleksje. Allinne de langer blessearren Karim Rossi en Darren Rosheuvel ûntbrekke, al is dy lêste ticht by in rentree.

Tsjinstanner Den Bosch prestearret goed yn de Jupiler League. Op 15 septimber ferlearen se foar it lêst in kompetysjewedstriid. "Het is een goed voetballende ploeg met veel creativiteit. We moeten voortborduren op het eerste halfuur van vorige week", neffens Dijkhuizen. Koartlyn fersloech Cambuur de Bosschenaren noch foar de beker. Op 24 oktober wûnen de Ljouwerters mei 2-0.

Yn de earste tolve kompetysjewedstriden spile Cambuur noch gjin inkele kear twa wedstriden efter mekoar mei deselde opstelling. Troch de skorsings fan Peersman en Smeets slagget dat no op 'e nij net. Dijkhuizen: "Het is vervelend dat je je team weer moet wijzigen door schorsingen. Anders waren we met dezelfde elf begonnen."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)