Gjin sportgala mear foar Fryske sporters

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Fryske sporters wurde tenei net mear huldige op it Sportgala Fryslân. De stichting fan it sportgala hat besletten it evenemint net mear te organisearjen. Wichtichste reden foar it beslút is dat der hieltyd minder Fryske topsporters by it gala oanwêzich wienen. Ek it lege tal Fryske stimmers op de nominearre sporters en de flinke kosten binne foar de stichting oanlieding it gala te skrassen.
It Sportgala Fryslân waard yn 2011 foar it earst organisearre. Sport Fryslân besjocht noch wol oft de Fryske topsporters op in oare wize yn it sintsje set wurde kinne.