Marketingmanager fuort by Kulturele Haadstêd

23 nov 2017 - 12:03

Marketingmanager Marije Jansen nimt ôfskied fan Kulturele Haadstêd. Nei oerlis tusken Jansen en de stichting is besletten in ein te meitsjen oan de gearwurking. Reden foar de breuk soe wêze dat de fyzjes net langer op inoar oanslute.

Jansen sil ta de ein fan it jier noch wol belutsen bliuwe by Kulturele Haadstêd, om de funksje oer te dragen oan har opfolger. Wa't dat krekt wurdt, is noch net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)