Feansters mei leech ynkommen kinne syktekosteregeling kieze

23 nov 2017 - 11:49

De gemeente Hearrenfean biedt ynwenners mei in leech ynkommen op 'e nij de kar tusken twa syktekosteregelingen. Neffens wethâlder Coby van der Laan ha minsken mei in leech ynkommen it dreech om alle soarchkosten en eigen bydragen te beteljen. De gemeente stelde de regeling ôfrûne jier yn en der meitsje al mear as tûzen ynwenners gebrûk fan. Troch twa regelingen oan te bieden, kinne minsken kieze wat it bêste by harren situaasje past. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)