Sliepe yn it restaurearre tsjerkje fan Skettens

23 nov 2017 - 11:39

De tsjerke fan Skettens is omboud ta plak dêr't je sliepe kinne. It is in foarbyld fan in tsjerke dy't net mear allinnich brûkt wurdt foar tsjinsten. De restauraasje fan de tsjerke yn Skettens wie hurd nedich en dêrby is no boppeyn in sliepkeamer makke. Under is in folslein ynrjochte badkeamer te finen. In eigen keuken mei ek net ûntbrekke. Tsjerkrintmaster André Buwalda seit dat er mar ien regel is: je meie net samar oan it oargel fan de tsjerke komme. Neist it hearenbankje is de wenkeamer ynrjochte mei twa maklike stuollen en in foarsjenning om nei moaie muzyk te lústerjen. Dat giet mei in saneamd "state-of-the-art" lûdssysteem. Der is ekstra ynvestearre yn de ferwaarming om sa de temperatuer yn de tsjerke noch wat nofliker te meitsjen.

Ek oan de histoarje fan de tsjerke is tocht: de grêfkelder dy't opknapt is, is foar elkenien by in oernachting tagongklik. It tsjerkje yn Skettens is benammen ferneamd fan kolonel Schelte van Aysma en de archeologyske fynsten dy't der yn de rin fan tiid dien binne. In nachtsje sliepen yn de tsjerke fan de PKN-gemeente Longerhou, Skraard en Skettens kostet 150 euro de nacht.

Trefwurden: 
Skettens tsjerke restauraasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)