Wetterlieding sprongen yn Abe Lenstra stadion

Yn it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean is yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei in wetterlieding sprongen. Op it stuit is der ek gjin stroom yn it stadion en op guon oare plakken yn it kompleks. Dêrom bliuwt de Feanshop de hiele dei ticht.
Om 4 oere moarns gong it alarm yn it stadion ôf fanwegen de stroomsteuring. Doe die bliken dat in wetterlieding oan de westkant fan it haadgebou sprong wie. Der is in soad wetter frijkaam en dat rint no op de ferskate ferdjippingen. Dêrtroch is der skea oan de flierbedekkingen en de systeemplafonds.
Nei alle gedachten dogge de stroom en it ljocht it yn de rin fan de moarn wer. Yn it stadion wurdt ek hurd wurke om de flierren skjin en drûch te krijen. De thúswedstriid fan takom sneon tsjin PEC Zwolle komt net yn gefaar.