Reedrydshow De Zilveren Bal yn maart yn Alvestêdehal

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De Alvestêdehal yn Ljouwert is yn maart takom jier gasthear fan de tredde edysje fan De Zilveren Bal. De fluchste reedrydshow fan de wrâld wurdt op 21 maart takom jier yn it iisstadion hâlden. Lykas de foargeande jierren is de Zilveren Bal de ôfsluter fan it reedrydseizoen. Nij yn 2018 is dat ek de jeugd aktyf by it toernoai belutsen wurde sil.
''Sprinten, rechttoe, rechtaan, man tegen man.'' Dat is neffens toernoaidirekteur Jan Ykema de essinsje fan it toernoai. Mei in DJ, showferljochting en de bêste sprinters fan de wrâld moat De Zilveren Bal in folslein evenemint wurde. Eardere dielnimmers oan De Zilveren Bal wienen ûnder mear Ronald Mulder, Anice Das, Kai Verbij en Heather Bergsma.