Kollum: ''Grutsk''

''Myn foargongers op dit plak, Nynke, Eelke en sels Willem, al woe hy it net, hawwe it fan 'e wike allegearre hân oer wat der sneon op de A7 barde. Nynke fynt dat de diskusje oer Swarte Pyt op in heger nivo moat, Willem wie der suver mei oan en fertelde oer hoe't wy tinke as in mienskip. Eelke skamme him dea dat er Fries is. Ik fiel mei alle trije mei. Al bin ik de iennige dy’t it hjir rûnút seit: Swarte Pyt is rasisme. Dat is de earste kear dat ik it sis, mar ik fyn it echt, en dat komt mei troch dy ûnbegryplike, oerstomme en beskamjende aksje op de A7. No kinne je dat noch ôfdwaan as suterige sipels, dy’t mei harren sneue autokes net goed witte wat se dogge, mar ast it plysje-optreden op de A7 sjochst, dan freegje ik my al ôf oft it sentimint net djipper sit as dat.
Sterker noch, dat doar ik wol te stellen dat it djipper sit. En dat komt omdat dizze groep fan in man as fjirtich in hiel soad stipe krijt. Op Facebook is der in groep dy’t de nuvere namme hat: ‘Friezen in opstand Friesland’. Der ferskynde sneon in foto op, fan de blokkade op de A7: ‘Groeten uit Friesland, Grutsk’, stiet der op skreaun. De foto is achttjintûzen kear liked. Under de foto dizze reaksjes. ''Zo doen we dat in Fryslân knap wurk monnen tige thank Wy buge foar gjin ien.'' En ''Wat wij stomme Z-N-Hollanders Over praten en praten en praten doen de echte Nederlanders gewoon weg houden die rotzooi.'' En ''Gweldig gedaan Maar mochten hier bekeuringen en dergelijk achter weg komen dan neem ik aan dat we via inzameling dat gaan betalen voor deze helden.'' Oare reaksjes wienen: ''Wy bûge foar gjin ien'', ''Trots op us Fryslân'', ''No sa us frislan'' en ''Beetje "collateral damage" hoort erbij. Goeie actie!! Laat dit een les en waarschuwing zijn voor de toekomst. Leaver dea as slaef.''
En dit binne mar in pear fan de 2500 reaksjes. Wat dit seit, is dat we it net hawwe oer mar in pear snotterige jonges dy’t krekt wat te folle GeenStijl lêze, en wat te min ynlevingsfermogen hawwe. In aksje om jild te donearjen om de boeten te beteljen hat al mear as 40.000 euro oplevere; hast fiiftûzen minsken hawwe jild jûn: der is in protte stipe ûnder de Friezen. Eelke sei it ek al: der soe ris in bus út Fryslân tsjinhâlden wurde moatte. Der is wier gjin ekskús om minsken dy’t earne foar stean en dat heare litte wolle, tsjin te hâlden. Dat is ûndemokratysk. Foar alle dúdlikens: we hawwe it oer it blokkearjen fan in groep minsken dy’t in fergunning foar in demonstraasje oanfrege, en krigen hat.
As ik dat sis, komt hieltyd werom: mar se soene in bernefeest fersteure. Dat is gjin goede reden, want foar sommige bern mei in kleur is it hielendal gjin feest. Elk jier wurdt harren libben fersteure, troch dy efterhelle Swarte Pyt, troch dy nasjonale telefyzjedemonstraasje fan swart sminkte folwoeksen minsken, dat oeral yn ‘e wrâld blackfacing hjit, en wêrmei't we ynternasjonaal foar lul stean. Bewiis fynst op YouTube by it Amerikaanske Vox: mear as ien miljoen sjoggers. Oh, en sille we it dan ek ris hawwe oer de bern dy’t meinommen wurde nei fuotbalwedstriden, mei fjoerwurk en geraas en al?
Swarte Pyt is gjin tradysje, en it swarte ôfskaffe is in lytse muoite dy’t it Sinteklaasfeest yn neat feroaret. Bewiis kinst fine op de website fan AT5, de Amsterdamske stjoerder dy’t ferslach die fan de yntocht dêr, dêr’t gjin ‘swarte’ Pyt by wie. En yn Fryslân? Minsken binne ree ta agressive fysike aksje, en der is romme stipe, foar wat? Hoesa ''zo doen we dat in Friesland''? In bytsje foar eigen rjochter spylje hat nuvere saken oplevere. Hoesa 'tradysje'? Wie Swarte Pyt tradisjoneel net in berne-kidnapper mei in roede? Hoesa 'bernefeest', is it allinnich dêrtroch ûnmooglik dat der wat mis mei is? Boppedat, bern wurde te pas en te ûnpas ynset by demonstraasjes. Dêr kinst fan alles fan fine, mar bern kinne echt wol wat ha. En as der in pear bern binne dy’t lêst ha fan it swarte fan Swarte Pyt, dan hoege wy dêr gjin rekken mei te hâlden?
Dêrom, noch mar in kear: Swarte Pyt is rasisme. Grutsk kinne je wêze op hoe't je omgean mei lytsen, swakken en minderheden. Dit is in leffe, domme en gefaarlike died fan agresje, en ik hoopje dat de dieders strafrjochtlik ferfolge wurde. Straf, sûnder boete, sadat al dat jild nei KIKA giet. Jo meie yn Nederlân demonstrearje, gelokkich mar: sûnder geweld! Ik soe graach grutsk wêze wolle op de hiele Fryske mienskip, trochdat bygelyks yn freedsumens by de Sinteklaasyntocht beide lûden te hearen west wienen. Yn plak dêrfan krigen we sneue autokes, libbensgefaarlike situaasjes op de A7 en dom geraas op sosjale media. En ek nochris yn it meast suterige Frysk dat ik yn tiden lêzen ha.''