FIDEO: Neiprate oer de ferkiezingen yn Fryslân

23 nov 2017 - 08:00
(foto as yllustraasje) - Foto: ANP

Fryslân wurdt wekker nei de weryndielingsferkiezingen fan woansdei 22 novimber 2017. Foar guon boargers, politisy en partijen wie it in rûzige en spannende jûn. De ynwenners fan de sân weryndielingsgemeenten koenen har stim útbringe op de partij fan harren foarkar. Yn Súdwest-Fryslân en Waadhoeke waard it CDA de grutste partij, yn Ljouwert bleau de PvdA yn it seal sitten.

Nei ôfrin, no't de stimmen teld binne, bliuwt der ien wichtige fraach oer: wat betsjut dizze útslach no foar de takomst fan de gemeenten? Omrop Fryslân praat op Facebook nei oer de weryndielingsferkiezingen, mei Douwe Boersma en polityk ferslachjouwer Andries Bakker.

(advertinsje)
(advertinsje)