FNV driget mei aksjes yn streekferfier

23 nov 2017 - 06:46
Busstasjon Winsum - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

It fakbûn FNV driget mei aksjes yn it streekferfier. De ûnderhannelingen oer in nije cao binne op 'e nij mislearre. It bûn wol benammen ôfspraken meitsje oer it ferleegjen fan de wurkdruk. Neffens it FNV wurde de tsjinstregelingen yn it streekferfier hieltyd krapper. Sjauffeurs kinne gjin skoft mear hâlde en ha it somtiden net iens oan tiid om efkes nei it húske te gean. Dêrneist is der noch gjin akkoart oer in leansferheging: it FNV wol 3,5 persint, de wurkjouwers 2 persint. Der falle 13.000 minsken ûnder de cao streekferfier.

Trefwurden: 
FNV streekferfier CAO
(Advertinsje)
(Advertinsje)