Brûns foar Nederlânske keatsers op ûnderdiel Llargues

23 nov 2017 - 06:35

De Nederlânske keatsers hawwe woansdeitenacht in brûnzen medalje helle op it wrâldkampioenskip Llargues. Tsjin gastlân Kolombia pakten de keatsers nei in 3-1 efterstân dochs noch de winst mei 6-5. Ek yn de oare kategoryen wie der Nederlânsk sukses. Marrit Zeinstra fersloech yn de kwartfinale fan it yndividuele toernoai de nûmer ien fan de wrâld: de Spaanske Mar Giménez. Troch de winst spilet se freed yn de heale finale.

Yn de dûbeldkategory by de froulju pleatsten Harmke Siegersma en Marrit Zeinstra har foar de heale finale. Yn it Wallball-toernoai wie Kees van der Schoot tige goed yn foarm. Tegearre mei Tjisse Steenstra rekkene hy ôf mei Ekwador. Van der Schoot en Steenstra hawwe noch alle kâns om de kwartfinale Wallball te berikken.

Trefwurden: 
Kolombia keatsen WK Nederlân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)