SAM ûnbekend mar wol bemind

23 nov 2017 - 01:16

"In nagelnije gemeente, dus elkenien begjint op nul." Dat wiene de wize wurden fan boargemaster Eduard van Zuijlen fan Frjentsjerteradiel doe't er de úteinlike ferkiezingsútslach bekendmakke. It CDA giet de Waadhoeke skiednis yn as de earste grutste partij fan de gemeente. De partij krige yn totaal in kwart fan alle stimmen, en mei dêrmei acht sitten beset hâlde foar de kommende fjouwer jier. "Prachtich resultaat, hiel wiis mei!", seit foarfrou Caroline de Pee tsjin ferslachjouwer Simone Scheffer. De reden foar it moaie ferkiezingsresultaat moat neffens har socht wurde yn de kieslist. "Herkenber en moai ferspraat oer de folsleine gemeente Waadhoeke, dat betellet him no út."​

​Unbekende twadde

Foar nije partij SAM wie it lang ûndúdlik hoe't se it dwaan soene yn de fúzjegemeente. "Wij hadden het droomscenario van twintig procent, als onbekende partij", sei partijlieder Govert Daan Geldof, krekt nei it tellen fan de lêste stimmen. It like lang in wier dreamscenario te bliuwen, want de partij like net al te bekend yn de nije gemeente. "Gisteren liepen we over straat en vroegen wij mensen 'kent u SAM?' 'Nee, wat is dat.' Toen dachten wij nog, oh dit gaat fout," fertelt Geldof, mar úteinlik wie de minne generale in goeie útfiering. "21,5 procent voor een onbekende partij en dan tweede in aantal stemmen, dat had ik nooit verwacht."

(Advertinsje)
(Advertinsje)