CDA SWF wint en bliuwt de grutste: "It is in geweldige jûn!"

23 nov 2017 - 00:47

Se wiene al de grutste en se bliuwe ek de grutste: it CDA yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De partij klimt fan tsien nei alve sitten yn de ried en se bliuwe dêrmei De Partij van de Arbeid mei mear leafst fiif sitten foar. "Dat is oerweldigjend, dat hiene wy net ferwachte. Wy wiene eins al wiis mei tsien, mar no alve sitten. It is in geweldige jûn!", sa sei listlûker en wethâlder Maarten Offinga tsjin ferslachjouwer René Koster flak nei't de lêste stimmen teld wiene.

Gelyk mar dochs bliid

De PvdA bliuwt yn tal sitten gelyk oan de foarige ferkiezingen, mar dêr is partijlieder Stella van Gent krekt tige wiis mei. "We hadden een daling ingecalculeerd en daarom is er keihard campagne gevoerd. Om dan zes zetels te houden is een boppeslach!" Minder entûsjasme wie der fansels by de ferliezers fan de jûn. De SP moat yn de nije ried werom fan trije nei ien sit. "Dit hadden wij niet verwacht", fertelt fraksjelieder Fried Didden, "We hadden gedacht om ten minste op hetzelfde aantal zetels uit te komen, maar dat is niet gebeurd." Dieden kin net ferklearje hoe't it kin dat syn partij sa bot nei ûnderen ta gien is, al jout er wol ta dat de partij mear op strjitte dwaan kind hie. "Wij zijn een partij die veel op straat is, dat had wel meer gekund."

(Advertinsje)
(Advertinsje)