Lijst 058 de ferrassende nijkommer yn Ljouwert

23 nov 2017 - 00:30

In opfallende nijkommer yn de Ljouwerter ried: Lijst 058 fan ras-politikus Otto van der Galiën komt mei twa sitten yn de ried. De partij hellet by har earste gemeenteriedsferkiezing itselde tal sitten as bekendere partijen lykas ChristenUnie, FNP en Gemeentebelangen. "Super, super!", sa reagearret de listlûker fan de partij Van der Galiën sels, koart nei it bekend wurden fan de útslach. "Wy hawwe hartstikke goed kampanje fierd. Ik tink dat wy goed sichtber west hawwe. Wy hawwe oeral west: Cambuur, Aris, de Wielenpôlle en Wirdum. Dêrneist is it eins noch nea in partij slagge om mei sa'n inisjatyf yn de ried te kommen, mar it is ús slagge. Geweldich!"

Van der Galiën is lykwols net wiis mei de rest fan it stimgedrach yn syn gemeente. "Der feroaret gewoan neat hjir yn Ljouwert!" Dêrmei wiist er op de grutte partijen yn de gemeente dy't harren sitten foar in grut part hâlde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)